Wolkom by toskedokterspraktyk TOSK. TOSK Tandartsen biedt profesjonele toskhielkundige soarch
yn in losse sfear. TOSK wurket mei betûfte en tige belutsen meiwurkers. In besite oan de toskedokter
wurdt foar jo sa noflik mooglik makke. Op ús website jouwe wy ynformaasje oer de meast
foarkommende ûnderwerpen oangeande gebitsfersoarging. Mochten jo mear witte wolle, ús team
stiet altyd klear om jo fragen te beäntwurdzjen. Nim dêrom rêstich kontakt mei ús op.
By TOSK kinne jo jo toskedokter sels kieze. Is dat net aardich? Foar pasjinten dy’t bang foar de
toskedokter binne wurdt ekstra tiid útlutsen. Der wurdt safolle mooglik soarch op maat jûn.
Wachtlisten binne der net. De praktyk is maklik berikber en leit yn it sintrum fan Drachten oan
de Gauke Boelensstrjitte, neist it gemeentehûs fan de gemeente Smellingerlân.
Wy binne de buorlju fan de boargemaster!